Abraham Lincoln
Abraham Lincoln (Hodgenville, Kentucky, 12 febrewaris 1809 – Washington D.C., 15 april 1865) wie de 16e presidint fan de Feriene Steaten fan 1861 oant 1865.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abraham Lincoln is berne yn in suterige hutte yn Hodgenville, Kentucky op in matras fan drûge maiskolven. Syn heit wie timmerman en in lytse boer. Syn mem, dy’t njoggen jier letter al stoar, koe net lêze of skriuwe. Op syn sânde jier waard Abraham fan de drinkeldea rêden troch syn freon Austin Gollaher. Hy hat benei gjin skoalle hân, mar Abraham Lincoln hie in prachtige jefte: hy koe prate as Brugman.
As jongkeardel fear er de Mississippy ôf, wurke yn in winkel fan Sinkel, wie lânmjitter en posthâlder. In koart skoft tsjinne er yn de milysje fan Illinois dy’t tsjin de Yndiaanske haadman Swarte Hauk oan it fjochtsjen wie. Lincoln syn earste besykjen (1832) om keazen te wurden yn it dielsteatparlemint fan Illinois rûn op neat út, mar twa jier letter slagge it wol.
Yn 1837 waard er advokaat. Yn in anonime brief berabbe Lincoln in lokale politikus. De saak kaam út en de politikus woe in duel. Op it lêste momint gie it duel net troch. Lincoln hat himsels altyd skamme foar dizze affêre.
Yn 1842 troude er mei Marry Todd, in frou út in súdlike famylje. Sy wie gjin sunich persoan. Se waard sels eksintryk neamd. Foaral nei de dea fan twa fan har bern, joech se jild as wetter út. Yn 1846 krige Lincoln in sit yn it Hûs fan Offurdigen yn Washington. Der spriek er him út tsjin de oarloch mei Meksiko en tsjin de slavernij. Dat er der op tsjin wie, woe net sizze dat er donkere minsken as syn gelikense seach. Lincoln fûn dat swarte minsken har mar yn in oar lân fêstigje moasten. Nei't er meiholpen hie om de republikeinske partij op poaten te setten, gie er de striid oan mei de demokraat Douglas. De ynset wie in sit yn 'e senaat foar Illinois. It grutste ferskil yn stânpunten siet him yn de slavernij. De republikeinen woenen fan de slavernij ôf, mar de demokraten wienen fan betinken dat soks oan de befolking fan de dielsteaten oerlitten wurde moast. Lincoln joech as argumint wêrom: A house divided in itself cannot stand. Dy Bibeltekst brûkte er as metafoar foar de driigjende spjalting fan de Feriene Steaten. Dochs wûn Douglas de striid. 'It is in útglider mar gjin fal', sei Lincoln. En dêr hie er gelyk oan. Op 6 novimber 1860 wûn er mei in grutte mearderheid de striid om it presidintskip, wylst Douglas op 'e nij syn tsjinstanner wie. Itselde soed er fjouwer jier letter nochris dwaan.
Oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut de súdlike steaten krige hy gjin inkelde stim. De Amerikaanske boargeroarloch dy’t yn april 1861 begûn wie, ferrûn faak ûngeunstich foar de uny. Washington waard faak bedrige. Neidat hy de ivich twifeljende generaal George McClellan ûntslein hie, naam hy sels it oerbefel op him. Lincoln wie populêr by de soldaten. As dy oer in misstân klagen, seinen se faak ‘as hy (Lincoln) it te witten komt dan hâld it fuortendaliks op’. Hy wie djip begien mei de hûnderttûzenen soldaten út beide kampen dy’t sneuvelen of swier ferwûne rekken.
As presidint fan in lân dat yn in boargeroarloch siet, moast Lincoln faak deafûnissen bekrêftigje. Dy deafûnissen moasten soms ek bekrêftige wurde tsjin syn eigen soldaten fanwege desersje. Lincoln socht altyd nei in ekskús om it net te dwaan. Hy wie foaral tsjin de deastraf foar leffens; ‘dy earme jongelju soene harsels deaskrikke as wy harren deasjitten gongen’.
Lincoln bleau altyd fermoedsoenjend nei it suden. Wrâldferneamd wurdt syn taspraak (fan mar 288 wurden) dy’t hy op 19 novimber 1863 hâlde op it earefjild fan Gettysburg. Dêr hie earder in beslissende slach west. Ta beslút sei Lincoln te hoopjen dat in regear fan it folk, troch it folk en foar it folk, net fan de ierdboaiem ferdwine soe. Hast in jier letter op 1 jannewaris 1863 wie de proklamaasje fan emansipaasje, dy’t in ein makke oan de slavernij yngong. Op 9 april 1865 joech it suden himsels oer.
Syn dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fiif dagen neidat it suden himsels oerjoech besiket de presidint, de toanielfoarstelling ‘An American Cousin’ yn it Ford teäter. Hy genietet fan de foarstelling. Oan it begjin fan it tredde bedriuw klinke skotten yn syn lôge. Lincoln wurdt it hûs fan de buorlju ynsleept. Dêr wurdt er op bêd lein. It bêd is te lyts foar Lincoln. Syn fuotten en hannen hingje der oerhinne. De folgjende dei op 15 april 1865 stjert Lincoln oan syn ferwûningen. De moardner is John Wilkes Booth. Abraham Lincoln is 56 jier âld wurden.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Abraham Lincoln
- Amerikaansk postrinner
- Amerikaansk lânmjitter
- Amerikaansk abbekaat
- Amerikaansk federaal politikus
- Presidint fan de Feriene Steaten
- Amerikaansk presidintskandidaat (nominearre troch de Republikeinske Partij)
- Amerikaansk presidintskandidaat yn de foarferkiezings fan de Republikeinske Partij
- Amerikaansk misdieslachtoffer
- Persoan dy't omkommen is by in moardoanslach
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Persoan berne yn 1809
- Persoan stoarn yn 1865